Feroaringen by it keatsbûn: 5 keatsregio's yn stee fan 12 federaasjes

05 des 2019 - 08:05

It keatsen moat takom jier noch mear in breedtesport wurde as it al is. Fan it heechste oan it leechste nivo, eltsenien mat de mooglikheid hawwe om mei te dwaan. Dêrom komme der 5 keatsregio's yn stee fan de 12 federaasjes dy't Fryslân no telt. Dat sei KNKB-direkteur Marco Hoekstra woansdei by de lêste keatsgearkomste fan it jier. Ek moat it ûndernimmerskip by de ferieningen stimulearre wurde.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

"Wy hawwe no allinne it oanbod foar in topkeatser, mar wy wolle ûnder de twadde klasse by de senioaren ek in tredde, fjirde en fiifde klasse oanbiede. Dat is sis mar de âlde A- en B-klasse yn in federaasje, en dat wurdt no ûnderbrocht mei al dy federaasjes yn fiif regio's by de KNKB", leit Marco Hoekstra fan de Koninklijke Nederlandse Kaatsbond út.

"Wy fine dat wy oanbod hawwe moatte foar eltse keatser. Net allinne de topsporter, mar ek de rekreative keatser dy't sa no en dan in wedstriid keatse wol. En alle nivo's oanbiede, dat is in oanwinst foar de keatssport."

Festivaloanpak

Om dat foar inoar te krijen, moat der wat feroarje. "De keatssport is tradisjoneel organisearre, wy sille dochs ris neitinke moatte oer nije konsepten. Ik tink oan Bitgum dy't in festivaloanpak loslitten hat op de Van Aismadagen. Dat is in prachtich foarbyld: it luts mear en der kaam mear publyk. Mar dat freget wat ûndernimmerskip fan de feriening", tinkt Hoekstra.

Keatsakademy

By de Keatsakademy moat ek it ien en oar oanpast wurde. "Wy seagen dat de dielname by de jongerein ôfnaam. Mar dêr begjint it, dat moat in prioriteit by de Keatsakademy wêze. Wy binne dwaande om klusters fan ferieningen te foarmjen, dêrmei bringe wy alle bern byinoar en sette wy in trainingsskema op om de bern yn de kunde te bringen mei it keatsen."

Ek oare keatsdissiplinen moatte de romte krije troch te groeien neffens Hoekstra. It wallball liket bygelyks tige populêr te wurden en dat moat omearme wurde. Ek moat der finansjeel mear jild by gemeenten, provinsje en Europa helle wurde om de sport trochgroeie te litten.

KNKB-direkteur Marco Hoekstra

Trefwurden: 
keatsen KNKB Marco Hoekstra
(advertinsje)
(advertinsje)