Wa binne de nije Fryske swimtalinten?

05 des 2019 - 07:38

Dit wykein fynt yn Eindhoven it NK Swimmen foar jongerein en junioaren plak. Yn Fryslân binne der in oantal grutte talinten dy't wolris hege eagen smite kinne. We sette in pear toppers yn spee op in rige.

Foto: Shutterstock.com

Silke Huisman

De 16-jierrige Silke Huisman fan Arum is miskien wol it grutste swimtalint dat Fryslân op dit momint hat. De swimster fan de Ljouwerter swimferiening Orca hat al hiel wat knappe prestaasjes delset. Sa hat se alris it Europees Jeugd Olympisch Festival (EJOF) en de Europeeske Jongereinskampioenskippen swimmen helle. Huisman kin op alle ôfstannen prima út 'e fuotten en is dus hiel allround.

Senna Hof

De 14-jierrige Drachtster Senna Hof swimt foar de feriening DZ&PC. Hy soe op it NK wolris hege eagen smite kinne. Hof komt út yn de jongste kategory. Dit betsjut dat er op it NK alle ôfstannen swimme moat en dat der nei ôfrin in klassemint opsteld wurdt. Foar Hof is dat gjin probleem: ek hy is in hiel allrounde swimmer, al is syn spesjaliteit miskien wol de skoalslach.

Hendrik van der Leest

Hendrik van der Leest wennet no yn de buert fan Londen, mar syn woartels lizze yn Fryslân. De 15-jierrige Van der Leest komt út foar FZC'54/De Vikings, de gearwurkjende swimteams fan Harns en Frjentsjer. Van der Leest is it bêst op de rêchslach en op de wikselslach. Op it NK fan ôfrûne jier swom er in Nederlânsk rekôr foar 14-jierrigen op de 200 meter rêchslach.

Hessel Broekstra

In oare swimmer dy't samar ris hege eagen smite kin, is Hessel Broekstra. De 15-jierrige Harnzer is lykas Hendrik van der Leest goed op de rêchslach en de wikselslach. Benammen op de 200 en 100 meter rêchslach makket de swimmer fan FZC'54/De Vikings by in goede dei kâns op earemetaal.

Marte Hieke van der Kamp

De 14-jierrige Marte Hieke van der Kamp is in dame fan de lange azem. De ynwenster fan Nijlân is sterk op de 200 meter rêchslach en de langere ôfstannen. Van der Kamp swimt foar zv Orca. Yn augustus waard Van der Kamp noch Nederlânsk kampioen iepenwetterswimme. Kin se dit jier ek in Nederlânske titel pakke yn it swimbad?

(advertinsje)
(advertinsje)