Spoedproseduere fan natuerorganisaasjes tsjin sinnepark Easterwâlde

05 des 2019 - 07:24

De oanlis fan it grutte sinnepark by Easterwâlde moat daalks stillein wurde. Dat easket gearwurkingsferbân fan natuer- en miljeuorganisaasjes Friese Milieu Federatie tongersdei by de rjochter. It sinnepark by Easterwâlde soe it grutste fan Fryslân wurde. Direkteur Hans van der Werf fan de Friese Milieu Federatie hat lykwols syn betinkingen.

It plan foar it sinnepark yn Easterwâlde - Foto: The Imagineers

Wêrom is de Friese Milieu Federatie tsjin it sinnepark? Dat leit Hans van der Werf út: "Der binne twa arguminten: der wurdt no groeven en der komme al foarsjenningen, en dat hat in negative skea foar de grûn. It hat ek histoaryske wearde en der wurdt mei masines wurke dy't stikstof útstjitte. Dêr is it gebiet krekt gefoelich foar, wy fine dat it ophâlde moat. En dêrnjonken seit de ûntwikkelder elektrysk ride te wollen, mar wy sjogge dat hy dat net docht."

"Wy dogge it leaver net"

Dêrom is der al in heger berop oantekene tsjin de plannen. "Yn augustus binne wy úteinset mei in proseduere. Mar de ûntwikkelder is no al dwaande mei de tariedingen foar it sinnepark, der wurdt op dit stuit al groeven. Dat hat konsekwinsjes, it gebiet wurdt oantaast en dêrom freegje wy de rjochter om de boel stil te lizzen", seit Van der Werf. "It heger berop wurdt takom jier behannele, mar wy sette no al in spoedproseduere op om't der al masines aktyf binne. Masines binne dwaande foar de sinnepanielen. Wy dogge it leaver net en wolle soarchfâldich yn petear, mar sa moat it wol."

Duorsum

Friese Milieu Federatie is foar de transysje nei duorsume enerzjy, mar dat moat wol goed barre neffens Van der Werf. "Foar ús moat it in foarbyld wêze. Sinnepanielen kinne ek op dakken, by sneldiken of yndustrygebieten. Sa moat der draachflak komme foar de takomst."

Direkteur Hans van der Werf fan de Friese Milieu Federatie

(advertinsje)
(advertinsje)