Boeren planne in nije protestaksje: winkels ûnberikber mei de krystdagen?

05 des 2019 - 07:25

Der binne plannen foar wer in nij protest fan boeren. Doel is no de itensfoarsjenning yn it lân stil te lizzen yn de wike foar de krystdagen. Moandei sil aksjegroep Farmers Defence Force yn petear oer de aksje.

Yn in brief wiist Mark van den Oever fan de aksjegroep op in berjocht fan ien fan de leden fan de aksjegroep oer de Hongerwinter yn de Twadde Wrâldoarloch. De boer soe doe de 'meest gewaardeerde burger' wêze, sa is der skreaun. "Hoeveel kan een mens vergeten in 75 jaar." En fierder: "Hardop denkend vraag ik me af of het geheugen eens opgefrist moet worden."

"Volle schappen, lage prijzen, dat kent de consument"

Dat brocht de aksjegroep op it idee foar in nij protest. "Volle schappen, lage prijzen, dat kent de consument. Nederlandse boeren of een eerlijke prijs voor hen, is daarin van geen belang." Dêrom soe in aksje mei de itensfoarsjenning wolris goed weze om it ûnthâld op te frissen. Yn besletten groepen wurdt der al sprutsen mei minsken dy't meidwaan wolle mei de nije aksje.

Winkel - Foto: Shutterstock.com
(advertinsje)
(advertinsje)