Celine Wierda: "Hier is ruimte om te falen, om het de volgende keer beter te doen"

05 des 2019 - 06:34

De 24-jierrige Celine Wierda út Ljouwert fynt dat se in gat yn 'e merk fûn hat mei keunstnersplatfoarm Self Collective. Sy hat dit platfoarm hast twa jier lyn oprjochte. Jonge kreativelingen kinne wat se makke hawwe hjir presintearje. Fan teäter, dûns, muzyk en byldzjende keunst of in mingeling hjirfan.

Yn it westen fan it lân stikt it fan soksoarte fan inisjativen, mar hjir net. En dat is krekt de reden dat se der foar kiest om yn Fryslân te bliuwen.

Celine seit dat se wol fjochtsje moat foar in plakje, mar dat de oanhâlder wint. "Er is meer ruimte voor jonge creatievelingen, we worden meer gehoord. Dat is wel een verschuiving met een aantal jaar geleden, toen vooral de gevestigde orde gehoord werd."

Noch in soad te heljen

Celine is net fan doel om út Fryslân wei te gean. Se seit dat der yn 'e Rânestêd al in hiel soad kollektiven binne. "Je moet echt met iets goeds komen om er tussen uit te springen." Yn Fryslân falt noch in soad te heljen, fynt se. Boppedat is der romte om te eksperimintearjen. "Vooral de ruimte om te falen, om het de volgende keer beter te doen."

Celine Wierda fan Self Collective

It Kulturele Haadstêdjier sit derop. De keunst en kultuer yn Fryslân hawwe in flinke boost krigen. Mar is dat bliuwend? Om dit te ûndersykjen folget Omrop Fryslân dit jier ferskate jonge kreativelingen dy't der bewust foar kieze om yn Fryslân te bliuwen, om't se hjir kânsen sjogge. Earder seagen we by Wytse Dijkstra, Esther de Jong, Brecht Wassenaar en Florian Cats en Ico Balt.

(advertinsje)
(advertinsje)