NS wol serieus sjen nei it op 'e nij iepenjen fan treinstasjon Thialf

05 des 2019 - 06:26

De Nasjonale Spoarwegen (NS) wolle sjen nei it op 'e nij iepenjen fan treinstasjon Thialf by grutte reedrydeveneminten. "Wij willen serieus onderzoeken hoe wij onze schaatsliefhebbende reizigers van dienst kunnen zijn," sa seit regiodirekteur Joost van der Bijl.

Foto: Jaring Rispens

Tiisdeitemiddei naam de Twadde Keamer in moasje oan wêryn it regear oproppen waard mei de NS yn oerlis te gean om de berikberens fan it iisstadion te ferbetterjen. By it oerlis soene ek de gemeente Hearrenfean en Provinsje Fryslân oanskowe moatte. De trein hâldt al in pear jier net mear stil by treinstasjon Thialf.

'Het is geen onwil geweest'

PvdA-Steatelid Jaap Stalenburg sei tiisdei tsjin Omrop Fryslân dat it ticht bliuwen fan it stasjon komme soe troch ûnwil by NS en ProRail. Neffens regiodirekteur Joost van der Bijl is dat net wier. "Het niet invoeren van de stop bij Thialf is geen onwil geweest. Als je deze wijziging doorvoert, heeft dat consequenties voor aansluitingen op het traject. Voor ons was het verteerbaar dat reizigers nadelen zouden hebben, alleen bleek het fysiek onmogelijk te zijn."

Neffens Van der Bijl wie der by eardere petearen te min tiid om in oplossing te betinken foar de technyske problemen. "Ik wil geen valse verwachtingen wekken. Het enige wat wij weten is dat we dit graag willen, maar dat moet wel veilig kunnen. Dat blijkt complexer te zijn dan aanvankelijk leek, maar we willen dit serieus gaan onderzoeken."

Ek ProRail seit him net fine te kinnen yn de krityk fan Stalenburg.

Regiodirekteur Joost van der Bijl fan de NS

Trefwurden: 
It Hearrenfean NS spoar Thialf
(advertinsje)
(advertinsje)