Elske DeWall traint troch mei brutsen ribbe: "Wy hearden 'krak', mar ik fielde it net"

04 des 2019 - 22:54

Sjongeres Elske DeWall hat by it iisdûnsjen har ribbe brutsen. Dat barde wylst se oan it oefenjen wie foar it SBS-telefyzjeprogramma Dancing on Ice. Foarearst hat de blessuere gjin gefolgen foar Elske har dielname oan it programma.

Elske DeWall by Dancing on Ice - Foto: Elske DeWall

It gie mis doe't Elske ferline wike mei har iisdûnspartner oan it oefenjen wie foar harren earste dûns. "Myn partner Mark pakt my beet om my te liften en wy hearre allebeide 'krak'. Ik fielde it eins net. Ik hie it net bot yn de gaten, mar hy skrok."

Nei de training waard se stiif, mar se tocht dat de ribbe kniesd wie. De hiele wike hat se trochtraind, mar de klachten en de pine giene net oer. Dêrom hat se tiisdei in röntgenfoto meitsje litten yn it sikehûs yn Hilversum en dêr kamen se derachter dat de ribbe brutsen wie.

In update fan Elske DeWall op Instagram:

Foto: Instagram, @elskedewall

De Wall kin der wol om laitsje. "Ik hie meidien oan dit programma, want ik woe wat dwaan dat ik noch noait earder dien ha. En ik ha noch noait earder wat brutsen, dus dat is yn elk gefal slagge."

Trochsette

Twa dagen foar de liveshow is se net fan doel om op te jaan, al hat se dêr woansdei wol even oan tocht nei wer in akkefytsje. "Ik wie hjoed oan it trainen en doe makke ik ien of oare ûnnoazele beweging en ik klapte keihurd op myn knibbel. No, doe tocht ik ien sekonde: no bin ik der hielendal klear mei, fuck dy shit, ik hâld der mei op!"

De sjongeres giet troch oant dat se har fan it iis skoppe, seit se. "It is gewoan hiel leuk, in hartstikke leuke groep en in hiel leuk aventoer om yn te sitten."

Elske DeWall oer har brutsen ribbe

Trefwurden: 
iis Elske DeWall ribbe
(advertinsje)
(advertinsje)