Ljouwerter basketballers Aris yn en tsjin Leiden ûnderút

04 des 2019 - 21:57

De basketballers fan Aris ha woansdeitejûn ferlern fan ZZ Leiden. Yn Leiden waard it 73-62 foar de thúsploech. By it skoft koe Aris noch goed meikomme en nei it tredde kwart wie de tuskenstân 48-45.

Foto: Aris Ljouwert

Earder dit seizoen hie Aris thús wûn fan Leiden, troch in reglemintêre 20-0 oerwinning. Yn it begjin fan it duel woansdeitejûn koene de Ljouwerters goed meikomme mei de thúsploech, dy't fiifde stean yn de kompetysje.

Nei in betide foarsprong fan Leiden wie it Aris dat mei in foarsprong fan 15-13 de earste tsien minuten beëinige. Leiden liet dat net op him sitte en joech gas yn de twadde perioade. De stân by it skoft wie dan ek 37-27 foar de thúsploech.

Aris komt tichteby, Leiden op tiid wekker

Aris liet him goed sjen yn de tredde perioade. De ploech kaam hieltyd tichteby Leiden. Mei noch twa minuten te gean wie it ferskil noch mar 5 punten (48-43) en by de ein fan it kwart wie Aris sels noch twa punten tichteby kaam.

Leiden hie op tiid yn de gaten dat der wat oars frege waard yn de wedstriid. Yn it fjirde kwart waard it ferskil mei Aris wer grutter en dêrmei wie de kâns op in oerwinning foar de Ljouwerters fuort.

Trefwurden: 
Aris basketbal Leiden
(advertinsje)
(advertinsje)