Junior reedrider Harm Visser nei wrâldbeker yn Japan: "In dream dy't útkomt"

04 des 2019 - 21:47

De bêste reedriders fan Nederlân wolle nije wike net meidwaan oan de wrâldbekerwedstriden yn Japan. En dêrom krije junioaren de kâns om dy kant op te gean. It is in dream dy't útkomt foar de 18-jierrige Harm Visser fan De Westereen.

Foto: ANP

"It is in hiel moai aventoer en geweldich dat we de kâns krije om dêrhinne te gean", seit in blide Visser. Om't de topreedriders harren ôfmeld ha, stjoert de bûnscoach de junioaren nei Japan om ûnderfining op te dwaan.

Visser rydt op it stuit by RTC Fryslân en docht oan langebaan- en maratonriden. Hy hie tocht dat er pas oer sa'n fjouwer jier de kâns krije soe om op sa'n belangrike wedstriid foar senioaren út te kommen. "Dat it no al komt, is in dream dy't útkomt."

Tsjin de bêsten fan de wrâld

Yn Nagano sil er stride tsjin de bêsten fan de wrâld yn de ploege-efterfolging en de massastart. Dat sil er dwaan mei twa oare junioaren, Jordy van Workum en Beau Snellink.

De 3 en 5 kilometer op it NK yn Alkmaar geane no wol oan syn noas foarby, mar dat fynt Visser net slim. "Dit is natuerlik folle leuker. Wy ha grien ljocht krigen fan de bûnscoach fan Nederlân, dus se seinen ek: jim moatte derhinne gean, lit it NK sjitte en gean nei Japan ta. En wy wienen it dêr hûndert prosint mei iens. Mar it wurdt wol in hiel grutte útdaging foar ús."

De wrâldbekerwedstriden yn Nagano binne fan 13 oant en mei 15 desimber.

De 18-jierrige reedrider Harm Visser fan De Westereen

(advertinsje)
(advertinsje)