Marijke Roskam hâldt op by steatefraksje PvdA

04 des 2019 - 21:35

Marijke Roskam hâldt op as steatelid fan de Partij van de Arbeid. Dat hat de fraksje woansdeitejûn bekend makke. Roskam siet sûnt de ferkiezingen fan 20 maart fan dit jier yn de steaten.

Roskam wie by de ferkiezingen listlûker foar de PvdA yn Fryslân. Se seit yn in parseberjocht dat har oare wurk, en it feit dat se yn july foar de twadde kear mem wurden is, net mear te kombinearjen is mei it steatelidmaatskip. "It wie in tige swier beslút", sa seit se.

Neffens Roskam is de kombinaasje tusken har wurk as deifoarsitter en har wurk as steatelid te swier. Sa sjocht se har bern somtiden trije dagen efterinoar net. "Dat is mei sokke lytse bern swier, ik kin dat net mear."

Roskam wol wol aktyf bliuwe

Roskam wol aktyf bliuwe yn de polityk. "Ik fiel my noch altyd ferantwurdlik foar de takomst fan de PvdA en ik sil de fraksje stypjen bliuwe. Dat betsjut dat ik meitink en meiwurkje op in tal dossiers en de fraksjeleden altyd in berop op my dwaan kinne."

Fraksjefoarsitter Hetty Janssen sprekt fan in 'dapper besluit' fan Roskam. "Soms lopen dingen anders dan verwacht en dan is het juist knap dat je durft te zeggen: zo lukt het niet meer. We gaan het enthousiasme en de scherpe blik van Marijke nu op een andere manier inzetten. Zo blijft ze van waarde voor onze fractie."

(advertinsje)
(advertinsje)