Swimalvestêdetocht 2020: BN'ers swimme, Maarten van der Weijden coacht

04 des 2019 - 19:34

De swimalvestêdetocht wurdt takom jier yn estafettefoarm swommen. Dat makke Maarten van der Weijden woansdeitejûn bekend by De Wereld Draait Door. Mei de tocht wurdt opnij jild ophelle foar ûndersyk nei kanker. De tocht sil plakfine tusken 28 en 31 augustus.

Foto: Anton Kappers

Ofrûne simmer helle Van der Weijden mei syn swimalvestêdetocht goed 6,1 miljoen euro op foar itselde goede doel. Yn 2018 moast hy opjaan by Burdaard, hy helle doe 5 miljoen euro op.

Swimme mei BN'ers

Maarten van der Weijden sil as coach funksjonearje foar de dielnimmers. Ek sil hy it startskot jaan. Hy slút net út dat it sa no en dan nedich is, om ek sels in stikje yn it wetter mei te swimmen. BN'ers dy't meidogge binne ûnder oaren Claudia de Breij, René en Natasja Froger, Syb van der Ploeg en Kay van der Kooi (de man fan de dit jier ferstoarne reedrydster Paulien van Deutekom).

Syb van der Ploeg: "Ferline jier, doe't hy krekt de swimtocht foltôge hie, hat hy my belle: dit en dit is myn plan en hoe stiesto dêr tsjinoer en hoe soene se dêr op reagearje yn Fryslân?"

Fuort posityf

Van der Ploeg wie fuort posityf en hat tasein it stik nei Dokkum te swimmen. "Ik haw 'm riden, fytst, skeelere en stept, mar noch net swommen."

Maarten van der Weijden hopet dat de tocht in like grut feest wurdt as ferline jier. Ek rekkenet hy derop dat Fryslân like entûsjast reagearje sil.

Sjoch hjir nei de kompilaasje fan de swimalvestêdetocht fan ôfrûne simmer:

Atleet Stefan van der Pal sil takom jier allinnich de útdaging fan de swimalvestêdetocht oangean. Hy docht dat sûnder stipe fan de Van der Weijden Foundation.

(advertinsje)
(advertinsje)