FIDEO: Wâldpiken vs Klaaikluten yn IepenUP Live

04 des 2019 - 19:30

Wa wit it measte fan Fryslân? Is dat team Wâldpyk ûnder lieding fan Emiel Hûnekop of giet team Klaaiklút fan AJ Soepboer dermei de priis fan troch? Dat komme wy te witten yn dizze 'keihurde' kwis wêrby't ek it publyk in rol spilet.

Wa bisto? Bisto team Wâldpyk of team Klaaiklút? Kom dyn helden oanmoedigjen en klim, as it moat, foar se op de banken.

IepenUP live wurdt alle woansdeis útstjoerd út Neushoorn yn Ljouwert wei. Belangstellenden binne wolkom fan 19:30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20.00 oere ôf te folgjen fia in livestream op de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân, Omropfryslan.nl en Omrop-app.

(advertinsje)
(advertinsje)