De Fryske Marren wol gaswinbedriuw Vermilion gjin fergunning jaan

De gemeente De Fryske Marren bliuwt fûl tsjin nije gaswinning. By de Ried fan Steat frege gaswinbedriuw Vermilion woansdei om in fergunning foar ûndersyk nei de grûn, mar dy wol de gemeente net jaan. Dy wol hielendal gjin ûndersyk of winning nei gas en oalje yn de grûn.
© ANP
Undersyk nei wat der yn de grûn sit, smyt boppedat in protte oerlêst fan lûd en trillingen op, wie ien fan de arguminten fan de gemeente foar de Ried fan Steat. Dat falt just ta, neffens Vermilion. It bedriuw seit dat 'seismysk' ûndersyk sa koart duorret dat gjinien der lest fan hat.
"Het boren van gaten, het ontsteken van een explosieve lading en het meten van de trillingen neemt bij elkaar niet meer dan een dag in beslag", sei in wurdfierder fan it gaswinbedriuw. "Het opruimen van alle meetapparatuur en zogenoemde geofoonlijnen duurt maximaal drie weken. De trillingen duren bovendien maar tien seconden,"
De Ried fan Steat moat in beslút nimme oer it al of net tastean fan it ûndersyk.

Gemeente: skras fergunningen fan ministearje

Dêrmei wie it noch net klear by de heechste bestjoersrjochter. De gemeente frege om it skrassen fan trije fergunningen dy't minister Wiebes fan Ekonomyske Saken en Klimaat ôfjûn hie. It giet dêrby om it 'ekonomysk allinnerjocht' fan Vermilion yn Lemsterlân, Himmelum en Follegea nei gas en oalje te sykjen.
It ministearje wiisde de beswieren fan de hân as net-ûntfanklik. Se sizze dat de gemeente te let beswier makke hat. Mar neffens de gemeente hat it ministearje trije moannen wachte mei it bekend meitsjen fan it beslút oer dy fergunningen. Dêrnei hie de gemeente noch mar twa wiken om te reagearjen. Net earlik, neffens de gemeente, omdat gewoanwei elkenien yn Nederlân seis wiken de tiid krijt om beswier te meitsjen tsjin in oerheidsbeslút.
De Ried fan Steat sil útsykje oft it ministearje dochs noch yngean moat op de beswieren fan de gemeente tsjin de fergunningen.