Twa Drachtsters krije 60 oeren wurkstraf foar "ontzettend laffe daad"

Twa 20-jierrige Drachtsters moatte 60 oeren wurkstraf dwaan, omdat se earder dit jier in jonge mishannele ha. Dat barde yn de nacht fan 23 maart yn de smookromte fan in kafee oan de Noardkade yn Drachten. Se moatte ek in skeafergoeding fan 653 euro betelje oan it slachtoffer.
De rjochtseal yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It slachtoffer waard tsjin de grûn slein troch de twa Drachtsters. Ien fan de twa sei dat er earder spul hân hie mei de jonge en dat er dat útprate woe. De oar joech dêrnei de earste klap, hy sloech it slachtoffer fol yn it gesicht. Op basis fan kamerabylden seit de plysje dat it slachtoffer gjin kâns hie om him te ferdigenjen. "Een ontzettend laffe daad", neffens de offisier fan justysje.

Drinke troch in reidsje

It slachtoffer syn lippe wie skuord, de wûne moast mei fiif hechtingen ticht makke wurde. Hy hat in skoft net prate en ite kinnen en moast troch in reidsje drinke. Letter krige er panykoanfallen en lêst fan nachtmerjes. Hy hat ek in litteken op 'e lippe.

Under tafersjoch

Ien fan de twa fertochten siet noch yn syn proeftiid. Hy hie noch in wurkstraf fan 20 oeren ûnder betingst stean. Dy komt no by syn wurkstraf fan 60 oeren op. Dêrnjonken krije beide manlju noch in wurkstraf fan 60 oeren ûnder betingst. Se komme ek ûnder tafersjoch fan de reklassearring, wat betsjut dat se behannele wurde kinne en mooglik kontrolearre wurde op alkoholgebrûk.