Yaroslava Tymts biedt hantekens oan en is hoopfol nei petear mei Twadde Keamerlid

04 des 2019 - 17:16

Mei goed 2.000 hantekens is Yaroslava Tymts mei har klasgenoaten fan it kristlik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert woansdei mei de trein nei Den Haag gien. Dêr ha se de hantekens oerlange oan Twadde Keamerlid Joël Voordewind fan de ChristenUnie. De tekeners wolle graach dat se yn Nederlân bliuwe kin.

"Ik heb mijn verhaal verteld aan meneer Voordewind. Hij heeft gezegd dat hij er alles aan zal doen om te helpen. Ik heb wel hoop", sei Yaroslava Tymts nei ôfrin fan it petear mei it Twadde Keamerlid.

"Het is triest om te horen", seit Keamerlid Joël Voordewind nei ôfrin fan de besite. "Ik ga er alles aan doen om haar zaak onder de aandacht te brengen, en dan met name de stateloosheid. Daardoor ontstaat een schrijnende situatie. Ik ga direct contact opnemen met een advocaat. Ik kan niets beloven, dat heb ik gezegd, maar ik ga wel mijn best doen. Ik ga naar muizengaatjes zoeken." Yaroslava falt net ûnder it bernepardon. Neffens Voordewind omdat se te koart yn Nederlân is.

Foto: Eigen foto

De Oekraynske Yaroslava Tymts (14 jier) driget mei har famylje útset te wurden. De famylje komt fan De Krim, dat gebiet is ynnaam troch Ruslân. De famylje hat de paspoarten ynleverje moatten en is flechte.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
(advertinsje)
(advertinsje)