Dykgraaf Van Erkelens is lilk en bot fernuvere oer bedriigjende mails

04 des 2019 - 16:56

Dykgraaf Paul van Erkelens is lilk en bot fernuvere oer de bedriigjende mails dy't de leden fan it algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân de ôfrûne dagen krigen hawwe. Oanlieding foar de mails is de ferheging fan de wetterskipslêsten.

Dy tariven gean takomend jier foar elkenien mei 13 persint omheech en foar de boeren mei 15 persint. En dat lêste hat foar in soad rebûlje soarge. Hûnderten boeren kamen moandei nei de gearkomste fan it wetterskip oer de ferheging. En nei dy gearkomste kamen de bedrigingen oan it adres fan de wetterskipsleden.

"Het is direct na de vergadering maandagavond begonnen. De teksten zijn bedenkelijk. Het is heel vervelend en sommige teksten zijn echt bedreigend zo van pas maar op, want er gebeurt dat of dat. We hebben ze allemaal verzameld en doorgespeeld naar de politie. Die houdt het in de gaten. De mails hebben een afzender, ik ken ze niet", seit dykgraaf Van Erkelens.

Ien fan de mails dy't binnen kaam by it Wetterskip - Foto: Omrop Fryslân

"We hopen dat de besluitvorming ordentelijk kan verlopen. Er is een democratisch gekozen bestuur. Mensen hebben aan de verkiezingen mee kunnen doen. Het bestuur doet zijn stinkende best om goed te besturen, wat nodig is en er gaat geen kwartje over de balk. Ze moeten goed hun werk kunnen doen in een normale situatie." It wetterskip hat noch gjin beslút naam oft se oanjefte dogge.

Oer twa wiken nimt Wetterskip Fryslân in definityf beslút oer de lêsteferheging. Neffens Van Erkelens sille dan ekstra maatregels naam wurde foar de feiligens. Dat bart yn oerlis mei de gemeente en de plysje. Wat dy maatregels krekt binne, wurdt net bekend makke. Hy docht in driuwend berop om "normaal het democratische proces zijn gang te laten gaan."

Dykgraaf Paul van Erkelens

(advertinsje)
(advertinsje)