Wol mear dakleazen yn Fryslân; Zienn hat genôch opfang

04 des 2019 - 16:22

It tal dakleazen yn Fryslân is de ôfrûne moannen flink tanommen, mar opfangorganisaasje Zienn kin dy groei noch goed oan. Dat sizze se yn reaksje op de needgjalp fan de nasjonale ombudsman en de berneombudsman.

Foto: Omrop Fryslân

Dy beide ombudsmannen hawwe in brief oan minister-presidint Rutte skreaun oer de problemen mei de opfang en húsfêsting fan dakleazen. It tal dakleazen soe yn de ôfrûne tsien jier mear as ferdûbele wêze.

Yn Fryslân is it tal dakleazen mei sa'n tweintich persint oer de ôfrûne moannen tanaam, yn ferliking mei foargeande jierren. Dat is minder as yn de Rânestêd. Hoe komt dat?

"Cliënten blijven minder lang in de opvang en stromen door naar een passende huisvesting. Daarvoor werken we samen met partners als de woningbouwvereniging. Ons streven is om cliënten binnen drie maanden naar een passende plek te krijgen. De nachtopvang zien wij als een opstap naar beter", fertelt Nynke Plantinga fan Zienn.

Mocht it echt kâld wurde yn de winter kin Zienn it tal opfangplakken útwreidzje fan 40 nei 52. "Anders kunnen we ook nog uitwijken naar Drachten en Sneek."

Nynke Plantinga fan Zienn

Trefwurden: 
Ljouwert opfang dakleazen Zienn
(advertinsje)
(advertinsje)