CDA De Fryske Marren wol ekstra warskôgingsbuorden foar Skarsterrienbrêge

04 des 2019 - 15:31

Op de A6 en A7 moatte ekstra sinjalearringsbuorden komme, dy't autobestjoerders warskôgje as de brêge oer de Skarster Rien flakby De Jouwer iepenstiet. Dat fynt it CDA yn gemeente De Fryske Marren.

De Skarsterrienbrêge - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Benammen yn de simmer ûntsteane gefaarlike situaasjes op de A6 en de A7, wannear't de brêge faker iepenstiet. Autobestjoerders komme krekt út in ûnoersichtlike bocht en sjogge te let dat it ferkear foar de Skarsterrienbrêge stilstiet. Dat hat al laat ta in oantal ûngelokken.

It CDA wol no dat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan De Fryske Marren Rykswettersteat freget om warskôgingsbuorden. Der binne om de brêge te ferfangen troch in akwadukt, mar de CDA-fraksje wol dêr net op wachtsje.

(advertinsje)
(advertinsje)