Nije supermerk yn Appelskea is stap tichterby

04 des 2019 - 15:16

De bou fan in nije supermerk yn Appelskea is wer in stap tichterby. De riedskommisje fan Eaststellingwerf is posityf oer it plan om de besteande Poieszsupermerk te sluten en te ferpleatsen nei it plak dêr't no noch in Sineesk restaurant sit.

In flagge fan Poiesz Supermarkten - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Dêrfoar is noch wol in wiidweidige omjouwingsfergunning nedich, mar de riedskommisje fynt dat de gemeente dêr oan meiwurkje moat.

Op it plak fan de Poiesz komt skielk wenningbou.

Trefwurden: 
Appelskea supermerk
(advertinsje)
(advertinsje)