Miljeufederaasje: "Rjochter moat oanlis grut sinnepark by Easterwâlde stillizze"

04 des 2019 - 14:30

De oanlis fan it grutte sinnepark by Easterwâlde moat fuortendalik stillein wurde. Dat easket de Fryske Miljeufederaasje tongersdei by de rjochter. It sinnepark by Easterwâlde soe it grutste fan Fryslân wurde.

Foto: Omrop Fryslân

De Fryske Miljeufederaasje fynt dat it lânskip te bot oantaast wurdt troch de oanlis fan it sinnepark. Boppedat soarget de oanlis foar ekstra stikstof yn it Drents-Friese Wold en it Fochtelerfean.

De Miljeufederaasje hat beswier makke by de gemeente tsjin de omjouwingsfergunning. Dat beswier is noch net behannele, mar it wurk oan it sinnepark is al begûn. De Miljeufederaasje fynt dat nearne op lykjen en wol no dat de rjochter yngrypt.

(advertinsje)
(advertinsje)