HEA! Hiele famylje gek fan huskys

04 des 2019 - 14:30

De famylje Van der Wal fan Tsjerkgaast hat ien grutte passy yn it libben: drave mei harren huskys yn de frije natoer. Patrick en Janneke binne alle dagen mei de huskys yn it spier. Harren bern hawwe de leafde oernaam en dogge mei oan Nederlânske en Europeeske kampioenskippen en net sûnder sukses. Dochter Tineke hat in freontsje, mar as se dan dochs kieze moat? "Dan krûpe mei de hûnen fansels, dy stean echt op nûmer ien."

(advertinsje)
(advertinsje)