Ferfierder Arriva sil mooglik nei de beurs

04 des 2019 - 14:03

Ferfierder Arriva sil takom jier nei alle gedachten nei de beurs. Dat hat de topman fan spoarbedriuw Deutsche Bahn, it memmebedriuw fan Arriva bekend makke. De topman wol fan maaie ôf in part fan Arriva nei de beurs bringe.

In bus fan Arriva op it bsstasjon yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Yn de jierren dêrnei moat de rest fan de oandielen ferkocht wurde. Deutsche Baan wol fan Arriva ôf, om't it bedriuw jild nedich hat foar ynvestearringen.

Arriva is yn 14 lannen aktyf. Yn Fryslân fersoarget de ferfierder bus- en treinferfier.

Trefwurden: 
Arriva beurs ferfierder
(advertinsje)
(advertinsje)