Alderlêste baggelmasine dy't turf stuts stiet wer oerein yn De Deelen

04 des 2019 - 13:52

De lêste baggelmasine sakke al jierren fuort yn it Fryske fean yn natuergebiet De Deelen, al slim ferruste en ferburgen tusken it grien. De turfstekmasine by Tsjalbert fertutearze, mar is wer optakele. Neffens Steatsboskbehear stiet de masine wer stevich oerein en is it wer foar lange tiid te bewûnderjen.

De baggelmasine stiet wer oerein - Foto: Manon Wesel, Staatsbosbeheer

"Tegenwoordig verzet hij niet meer het werk van 60 veenarbeiders," skriuwt boskwachter Manon Wesel fan Steatsboskbehear by de foto. "Hij doet ons herinneren aan het turfsteken."

De turfstekmasine stie al lang op it punt fan omfallen en wie net sichtber fan it fytspaad ôf. Der stie sels in buordsje by dy't warskôge foar ynstoarten fan de masine. Boskwachter Roel Vriesema hat earder oanjûn dat de baggelmasine unyk is yn Nederlân. Steatsboskbehear is eigener en socht al lang nei in oplossing. Dy wie dreech om't it gjin offisjeel erfgoed is.

Yndustrieel erfgoed

De masine is yndustrieel erfgoed en produsearre tusken 1933 en 1968 turf foar it bedriuw De Leeuw. Yn De Deelen hawwe meardere masinen oan it wurk west. Earder hat de masine yn de Rottige Meente wurke. De earste baggelmasine is yn 1897 op De Gordyk makke, it wie in útkomst om't it in soad arbeiders ferfange koe. Nei alle gedachten hawwe der tsientallen fan west. Mar op gjin inkeld plak yn ús lân bleau sa'n masine bewarre.

Sa stie de baggelmasine der lang by - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
(advertinsje)
(advertinsje)