Dennis Hobma fan Harns bout krystdoarpen en is 3de fan de wrâld

04 des 2019 - 13:35

Dennis Hobma fan Harns is tredde wurden op it WK krystdoarp bouwen. Dat wie yn 's-Gravenzande. Earder is er al in kear fiifde wurden.

"Dit jaar heb ik een hele grote waterval gemaakt van siliconenkit, daarom ben ik nu derde geworden. Daar maak je wel indruk mee op de jury, qua punten," seit Dennis Hobma. "Het is een hangende waterval met een grot, met daarin een kampvuur en poppetjes erbij."

It bouwurk is kwa skaal te ferlykjen mei modelspoarbou. Hy moast it yn koarte tiid bouwe. "Dat die waterval hangt, maakt het echt heel bijzonder. Ik heb alles in 5,5 uur gebouwd. Je krijgt een stelling, een paar poppetjes en wat huisjes. En ik had van thuis wat dingetjes meegenomen. Je moet ter plekke alles opbouwen." It wie noch spannend oft er it wol op 'e tiid ôfkrije soe. "Ik was pas in de laatste tien minuten klaar."

Hobby

Dennis Hobma is al 15 jier dwaande mei dizze hobby. "Ik begon met kleine kersthuisjes, later werd het steeds professioneler en steeds duurder ook." By him thús yn Harns hat er noch grutter útpakt. "Daar is het echt heel groot, wel vijf meter breed en hoog met maar een meter van het plafond af. Ik ben er een kleine 6 weken mee bezig geweest om het dorp te bouwen."

Hy is no al wer dwaande mei takom jier. Hoewol't it in seizoenshobby is, soe er der wol syn wurk fan meitsje wolle. "Dat zou ik wel heel leuk vinden."

Dennis Hobma

(advertinsje)
(advertinsje)