Tsjerke Hollum hat syn krús en wynwizer werom

De tsjerke fan Hollum op It Amelân wurdt al in skoft opknapt, mar it dak is wer ticht en it krús mei de wynwizer stiet wer op de toer. It sealtek hat no twa lûkjes ynstee fan ien, dat is dien om't it sa makliker is om de flaggemêst te pleatsen. Earder bleau de flagge noch wolris yn it krús op it dak hingjen troch de wyn.
De wynwizer op de tsjerke fan Hollum © Wikimedia Commons
It opknappen is al yn de simmer úteinset, mar boubedriuw Dijkstra De Graaf fan Ingwierrum tinkt dat de restauraasje yn desimber klear wêze kin. Dêrnei is de tsjerke fan Ballum oan bar. Yn Hollum wurdt ûnder oare it mitselwurk oanpakt, mar ek de galmgatten, wizerplaten en it dak.