'Bedriigjende' mails foar leden fan Wetterskip Fryslân

04 des 2019 - 12:36

De leden fan it algemien bestjoer fan it Wetterskip Fryslân hawwe de ôfrûne dagen 'bedriigjende mails' binnen krigen. Oanlieding foar de mails is de oankundige ferheging fan it taryf foar boeren. It foarstel fan it Wetterskip is om it taryf mei 15 persint te ferheegjen en de boeren binne dêr lilk oer.

Ien fan de mails dy't binnen kaam by it Wetterskip - Foto: Omrop Fryslân

In pear hûndert boeren kamen moandei al nei de gearkomste fan it algemien bestjoer oer de ferheging om te protestearjen.

Oer twa wiken nimt it algemien bestjoer in definityf beslút en yn de mails dy't binnen kaam binne wurdt harren sein dat se foldwaan moatte oan de easken fan de boeren. Dogge se dat net dan 'soe it wolris út de hân rinne kinne'.

Sa skriuwt ien fan de boeren: "Ik hoop dat jullie er wat mee gaan doen en onze eisen te accepteren. Zo niet nou dan kan het nog wel eens raar gaan later deze maand."

It wetterskip nimt de saak heech op en is yn oerlis mei de plysje oer mooglike fierdere stappen.

(advertinsje)
(advertinsje)