Noed yn De Fryske Marren oer hoe maklik oft jeugd oan alkohol komt

04 des 2019 - 12:15

De fraksjes fan de Partij van de Arbeid en GrienLinks yn de gemeente De Fryske Marren binne skrokken fan hoe maklik oft minderjierrigen oan alkohol komme kinne. Ut ûndersyk hat bliken dien dat jongerein twa fan de trije kear oan alkohol komme kin yn bygelyks supermerken, sliters en kroegen.

Foto: Shutterstock.com

De twa partijen stelle dêrom fragen oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. Se binne derfan skrokken dat De Fryske Marren sa min skoart en wolle witte hoe't dat kin. Ek wolle de partijen witte wat it gemeentebestjoer dwaan sil om foar te kommen dat 17-jierrigen maklik alkohol keapje kinne yn De Fryske Marren.

252 'hotspots'

It ûndersyk rjochte him op 252 saneamde 'hotspots', plakken dy't jongerein sels oanwiisd ha. By supermerken en sliters moatte jongeren harren ID sjen litte en rinne se net mei drank de saak út, mar yn in drokke kroech bliuwt dat der wolris by. Ek komt it foar dat in âlder persoan de drank yn de supermerk keapet foar de jongere.

Op basis fan it ûndersyk kinne Fryske gemeenten no spesifike en effisjinte previnsje- en neilibbingsakaksjes opsette. Ut ûndersyk docht nammentlik bliken dat jongerein minder - of net - drinkt yn in omjouwing dêr't gjin alkohol is.

Fan de 12- oant 17-jierrigen seit 38 persint oait alkohol dronken te hawwen. In fiifde part jout oan yn de lêste fjouwer wiken fiif of mear drankjes hân te hawwen en 15 persint seit yn de ôfrûne moanne dronken west te hawwen.

It ûndersyk is yn opdracht fan de Fryske gemeenten útfierd troch Onderzoeksbureau Objectief. It Platform Nuchtere Fries koördinearret it ûndersyk. Yn dat platfoarm wurkje alle Fryske gemeenten gear mei GGD Fryslân, Verslavingszorg Noord Nederland, plysje Fryslân, Koninklijke Horeca Nederland en provinsje Fryslân mei as doel om it alkohol- en drugsbrûken ûnder jongerein werom te bringen.

(advertinsje)
(advertinsje)