Wenningboukorporaasje ferfangt achthûndert ynferieure cv-tsjettels

04 des 2019 - 11:37

Wenningboukorporaasje Wonen Noordwest Friesland sil goed achthûndert cv-tsjettels yn syn hierhuzen earder ferfange. It giet om in type tsjettel fan it merk Agpo Ferolli, dêr't al jierren in soad problemen mei binne. De totale kosten foar de wenningboukorporaasje binne hast ien miljoen euro.

De cv-tsjettel yn Dronryp - Foto: Omrop Fryslân

De tsjettels moasten eins noch twa jier mei, mar Wonen Noordwest Friesland hat dochs besletten om se earder ferfange te litten. De wenningboukorporaasje woe dêr earder dit jier noch net oan. De famylje Veldema fan Dronryp kaam doe yn it nijs, om't harren cv-tsjettel ûntploft wie.

Is der nei't it ûngelok yn Dronryp net te lang wachte? "No, dêr is net echt brân ûntstien. Der is wol koartsluting yn de tsjettel west en der is reek ûntstien. It koe wol oars ôfrinne, dat bin ik mei jo iens. Mar der binne gjin oare situaasjes bekend. Wol binne der geregeld steuringen, mar by normaal ûnderhâld bart der neat," seit manager fêstgoed Gerard van Keulen fan de wenteboukorporaasje.

Mear ûnderhâld en steuringen

Yn hierwenningen fan Wonen Noordwest Friesland binne in soad tsjettels fan Agpo Ferolli pleatst. Fan de 4.000 hierwenningen fan de korporaasje wurde sa'n achthûndert tsjettels ferfongen.

"De tsjettels binne noch net ôfskreaun, normaalwei ferfange wy nei 17 jier. Wy sitte no hast op 15 jier, dus fanwege de ûnderhâldsgefoeligens fan de tsjettels en de ûnrêst by guon bewenners hawwe wy der foar keazen om se earder te ferfangen. Dus dêr is takom jier ekstra budzjet foar yn de begrutting. Dat is finansjeel gjin probleem, wy helje inkeld it ferfangen wat nei foaren."

Takom jier ferfange

Ynstallaasjebedriuw Feenstra sil fan begjin takom jier ôf de tsjettels ferfange. Dat moat yn totaal maksimaal twa jier duorje. In krekte planning moat noch makke wurde, seit Gerard van Keulen.

Der binne de ôfrûne perioade al maatregels nommen. "Alle tsjettels hawwe wy in ekstra ûnderhâldsbeurt jûn en as der minsken ûngerêst binne, sille wy dêr nochris hinne. Wy sitte net yn oer gefaarlike situaasjes. Mar om't se ûnderhâldsyntinsiver wurde en faker steuringen krije, wolle wy der earder ôf," seit Van Keulen.

Gerard van Keulen fan Wonen Noordwest Friesland

(advertinsje)
(advertinsje)