SC Hearrenfean sil yn Girona op trainingskamp
SC Hearrenfean sil yn jannewaris in wike op trainingskamp yn it Katalaanske Girona, dat leit yn it noardeasten fan Spanje. De ploech fan Johnny Jansen sil dêr ek in oefenwedstriid spylje. De tsjinstanner is no noch net bekend.
Op sneon 18 jannewaris begjint foar SC Hearrenfean de twadde seizoenshelte mei in útwedstriid tsjin Feyenoord.