Oerheden lûke stekker út Pilot Omjouwingswet gemeente Waadhoeke

Provinsje Fryslân, gemeente Waadhoeke en Wetterskip Fryslân hawwe de stekker út de saneamde 'Pilot Omgevingswet' lutsen foar de gemeente Waadhoeke. Nei de simmer die al bliken dat de pilot al net goed rûn en ûndernimmers gjin motivaasje hiene. De Commerciële Club Noordwest-Friesland en gemeente Harns diene al net mear mei. No hâldt de folsleine pilot dus op, dy't al fêst foarútrinne moast op de nije omjouwingswet foar 2021.
Gemeente Waadhoeke © Omrop Fryslân
Dy nije omjouwingswet wurdt yn 2021 yn Nederlân ynfierd mei as doelen: koartere trochrintiden foar fergunningen en bestimmingsplannen, it mear belûken fan de befolking by romtlike plannen en ienfâldigere regeljouwing. De nije wet skriuwt inisjatyfnimmers fan in nijbouplan foar dat sy de direkte omjouwing al by de plannen belûke foardat it plan by de gemeente yntsjinne wurdt.

'Verwachtingen en doelen liepen uiteen'

Provinsje, gemeente en wetterskip komme no ta de konklúzje dat sy harren better rjochtsje kinne op it ynfieren fan de wet. De pilot is yn 2018 úteinset, mar neffens de gemeente die bliken dat 'verwachtingen van de deelnemende partijen over de werkwijze en de doelen uit elkaar liepen.'

Gjin enerzjy mear

De ynskatting fan de partijen is dat it finen fan in nije foarm tefolle tiid en enerzjy kostje sil. Der rinne noch inisjativen binnen de pilot, neffens de oerheden krije de inisjatyfnimmers dêrfan berjocht.
"In pilot is in oefenproses en geandewei komme je derachter dat saken oars moatten hienen", leit FNP-wethâlder Jan Dykstra út. "It doel wie om mei alle partijen te oefenjen mei de wet dy't deroan sit te kommen."
Wat neffens him mis gie, is dat se yn it foar bettere ôfspraken meitsje moatten hienen. "Ik bin wol bliid mei wat we wol dien ha. Ik tink net dat der projekten binne dy't skea oprûn hawwe."
Wethâlder Jan Dykstra