Fryslân fiert grutste ferheging provinsjale opsinten wegebelesting troch

04 des 2019 - 10:41

De provinsjale opsinten fan de wegebelesting wurde takom jier yn Fryslân mar leafst in kwart heger. De ferheging yn ús provinsje is takom jier it heechst fan alle provinsjes yn Nederlân. Dat meldt BNR Nieuwsradio woansdeitemoarn.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

It bedrach wat minsken oan wegebelesting betelje, bestiet út in lanlike heffing en provinsjale opsinten. Minsken mei in trochsneed benzineauto betellen dit jier 197 euro oan de provinsje Fryslân. Takom jier wurdt dat goed 240 euro. Foar diselauto's giet it om in ferheging fan sa'n 70 euro yn it jier.

Foar fjouwer jier ferlege

De provinsjale opsinten waarden yn 2015, by it oantreden fan it nije kolleezje fan Deputearre Steaten, foar fjouwer jier ferlege. Dêrmei waard in ferkiezingsbelofte fan it CDA ynlost. Dy maatregel koste de provinsje 20 miljoen op jierbasis. Om't dy perioade no ôfrûn is, giet de belesting takom jier wer omheech.

Yn totaal fiif Nederlânske provinsjes fiere in ferheging fan de opsinten troch. Dy is yn Fryslân it grutst. De provinsjale opsinten binne yn Drinte lykwols it heechst. Dat bedrach leit op jierbasis noch 14 euro heger as yn Fryslân foar in trochsneed benzineauto.

(advertinsje)
(advertinsje)