Friso Boode en Jurjen Bosma hâlde op by LDODK

Kuorbalferiening LDODK moat it takom seizoen dwaan sûnder Friso Boode en Jurjen Bosma. Beide manlju wurde takom jier foar de twadde kear heit en wolle mear tiid ha foar de famylje.
Friso Boode yn aksje foar LDODK © LDODK / Jurjen Smid
Ald-ynternasjonal Boode (31), dy't mei Oranje wrâld- en Europeesk kampioen waard, kaam yn 2016 nei de klup fan De Gordyk. Earder spile er foar Nic. en TOP. Mei dy lêste klup waard Boode alris lânskampioen. Dat slagge him mei LDODK noch net.
Bosma (29) spilet al syn hiele libben by de klup. Hy makket syn measte minuten yn it twadde fan LDODK. Under Erik Wolsink kaam er faker yn aksje foar it earste. Dat is dit jier minder, omdat jongere spilers de foarkar krije by ynfalbeurten.

Ofskied mei in titel?

Mei LDODK 2 waard Bosma ferline seizoen kampioen yn de fjildkompetysje. Op it stuit steane LDODK 1 en 2 boppe-oan yn sawol de fjild- as sealkompetysje. Boode en Bosma wolle ôfskied nimme mei in titel. Foar LDODK 1 soe dat in primeur wêze.