Fryske iisklups fiere iuwfeest: "We moatte iis hawwe, de jeugd moat ride"

04 des 2019 - 10:34

It Bûn fan Fryske IIsklups fierde tiisdeitejûn it hûndertjierrich bestean. Yn Thialf op It Hearrenfean stiene de leden dêr by stil. In grut part fan de 61 oansletten klups wie derby. 'Alde' helden kamen ta libben en fertelden ferhalen oer it ferline.

It giet goed mei it Gewest Fryslân, mar is it wol saak dat der gau in strange winter komt. "De baan yn Balk stiet al wer ûnder wetter, dus om ús mei it wol winter wurde. We binne der nedich oan ta, de jeugd moat ride", sei ien fan de Balkster iisklup.

Foto: Martin de Jong

Ek yn Dokkum giet it goed mei de iisklup. "We binne de âldste iisferiening fan de wrâld, we besteane al 176 jier. Mar we moatte iis hawwe. We ha krekt in nij gebou krigen foa koek en zopie", seit ien fan de Dokkumer feriening. De klup hat genôch leden, ek al leit der gjin iis.

De oprjochter fan de 'Bond van IJsclubs', Evert Rinsma, wie der sabeare by en spruts de oanwêzigen ta. "De KNSB moest niets hebben van het kortebaanschaatsen. Men noemde het verouderde kermispretjes. Friesland kwam in verzet, want Friesland hield van kortebaanschaatsen."

Willem de Vries wie by it jubileumfeest

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
Trefwurden: 
jubileum Thialf iisklups
(advertinsje)
(advertinsje)