Plysje Noard-Nederlân dwaande mei grutste ûndersyk nei bankoplichting oait

04 des 2019 - 10:00

De plysje yn Noard-Nederlân is dwaande mei it grutste ûndersyk nei bankoplichting oait. In man hat oanjefte dien dat yn ien dei in miljoen euro fan syn bankrekken stellen is. It jild is stellen troch saneamde 'jildezels,' ek wol money mules neamd. Dat binne minsken dy't harren bankpas en rekken brûke litte troch kriminelen. Dat komt hieltyd faker foar neffens de plysje.

Jildezels binne faak jongeren tusken de 19 en 25 jier. "Ze gaan voor het snelle geld. Criminelen beloven hen grote bedragen als ze hun bankpas mogen gebruiken om gestolen geld weg te sluizen. Ze willen zelf buiten beeld blijven. De geldezels zijn zich niet bewust van de gevolgen. Je maakt je schuldig aan witwassen. Bovendien ben je acht jaar lang niet meer welkom als klant bij de banken," seit parse-offisier fan justysje Gerben Wilbrink. Jildezels dy't dermei ophâlde wolle, wurde yn guon gefallen mishannele en bedrige.

Foto: Omrop Fryslân

Jongeren ronselje

Iepenbier Ministearje Noard-Nederlân hat dit jier yn Europa in koördinearjende rol by de oanpak fan jildezels. Der wurdt gearwurke mei 31 lannen. "Dat is erg nodig. We zien het steeds vaker, met name door de opkomst social media."

Sa wurde bygelyks op Instagram, Snapchat en Telegram oproppen fan kriminelen pleatst om jongeren te ronseljen. Sy dogge dat gauris op de accounts fan ferneamde Nederlanners om safolle mooglik minsken te berikken.

Om foar te kommen dat minsken harren liene as jildezels, set woansdei yn hiel Europa in grutte kampanje útein. Ek wurde der sifers bekend makke oer hoefolle jildezels yntusken opspoard binne.

Parse-offiser fan justysje Gerben Wilbrink

"Het wordt gepresenteerd dat je zo snel geld kunt verdienen, dat het geen kwaad kan, je bent maar een dag je pas kwijt", seit parse-offiser fan justysje Gerben Wilbrink. "Maar je maakt je schuldig aan witwassen. De bank blokkeert je rekening, maar de gevolgen zijn er ook in de toekomst, het kan lastig zijn om een lening of hypotheek af te sluiten. Daarom zetten we in op preventie en opsporing."

Pinautomaat - Foto: Shutterstock.com

In miljoen euro fuort

Plysje en justysje binne drok dwaande mei de opspoaring fan kriminelen en harren jildezels. Op dit stuit rint yn Noard-Nederlân it grutste ûndersyk oait yn Europa op dit mêd. "Iemand heeft aangifte gedaan omdat hij zogenaamd een appje had gekregen van de bank dat hij een nieuwe bankpas zou krijgen. Hij heeft vervolgens zijn bankgegevens in al zijn naïviteit teruggestuurd. De volgende dag keek hij op zijn bankrekening en zag dat er een miljoen euro was afgeschreven en wel naar rekeningen van bijna 140 geldezels," fertelt Wilbrink.

Dizze jildezels kinne noch besite ferwachtsje fan de plysje. Justysje wol net sizze wêr't de dupearde krekt wennet, mar it is yn Noard-Nederlân.

Jildezels - Foto: Flickr

Banken wichtich

Banken spylje in wichtige rol by it opspoaren fan kriminelen dy't jildezels ynsette om stellen jild troch te slûzjen. Moniek de Nooij is adviseur feiligenssaken by de Volksbank. "Alle banken waarschuwen voor dit fenomeen om hier niet in te trappen. Want het gaat soms om grote bedragen."

De banken folgje alle dagen de gegevens fan alle klanten. "We kijken naar afwijkend rekeninggebruik. Een jongen die alleen maar wat zakgeld krijgt en dat gebruikt in de supermarkt maar die opeens honderden euro's krijgt die vervolgens cash worden opgenomen, die valt op." Yn sa'n gefal blokkearret de bank de rekken en wurdt de plysje derby helle.

Moniek de Nooij, adviseur feiligenssaken by de Volksbank

Europa

Yn hiel Europa binne dit jier hast 4000 jildezels opspoard. It skeabedrach is goed 80 miljoen euro, stellen fan 4.700 minsken. Yn Europa wurkje 30 lannen gear om dizze fraude oan te pakken. De plysje hat 228 kriminelen oppakt.

(advertinsje)
(advertinsje)