Kollum: "Sjoernalistyk"

04 des 2019 - 08:43

"It is skandalich dat de nasjonale media net mear omtinken jûn hawwe oan it alhiel ferkearde andert fan minister Wiebes oer it ûndersyk dat de noardlike omroppen dien hawwe nei de gasboarringen.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

As hy sels eartiids sei dat der net boarre wurde sil yn oare as Grinzer lytse gasfjilden en no seit dat Nederlân genôch gas opsmite moat om oan de bûtenlânske kontrakten te foldwaan en dus de oare lytse gasfjilden yn Ternaard en sa noch brûke moat, dan wit eltsenien dat hy der gjin 'lover' ferstân fan hat of weromfluite is troch Rutte, dy't graach de golle kontrakten mei wa dan ek yn de wrâld goed hâlde wol, want dan kinne syn maten, dy't allegearre ûndernimmer binne, der noch genôch oan fertsjinje.

Dat wie in lange sin. Sokke lange sinnen hie Wiebes ek nedich om te ferbergjen dat de noardlike ûndersyksjonges en -famkes eins wol wat gelyk ha, mar dat hy net oars kin as te soargjen dat der noch gas bliuwt, wylst Grinslân net fierder sakje mei. Sels al betsjut dat dan dat Fryslân wol sakket, skuorren yn de muorkes krijt, en dat de ierpels yn it hok ynienen fuortrôlje fan it plak dêr't se al 50 jier lein hawwe.

Typysk ús regearing: 'Ja, het is niet goed, maar we doen wat we willen'. Se komme der ek noch mei wei. Wy binne no ienris in folk dat graach 130 ride wol as wy om in boadskipke geane. En wat seit wat PFAS-boltsjes yn de grûn, dy lizze toch ek te pronkjen op de strannen fan de eilannen.

It wurdt in lyts bytsje oars. Hieltyd faker skowe we bestjoerders oan de kant, foar flaters fan har foargongers. De politike wrâld bliuwt likegoed fol sitten mei lju dy't foar in goed salaris en in soad wachtjild genôch idioatichheden fertelle wolle. Of sizze dat se harren it al of net deameitsjen fan 70 ûnskuldige lju net mear witte. Sokken litte wy ek noch gewoan sitte.

Werom nei myn earste rigel. It stammerferhaal fan Wiebes kaam net yn de nasjonale media, hoe graach dy ek politisy stroffelje litte wolle. Mar dat djipte-ûndersyk is dien troch noardlike omropkes. Konkurrinten. Dan pakke je it andert net op, al hoe dom as it ek is. Gefolch: sakjend Fryslân wurdt net in ûnderwerp. It ûndersyk leit yn in laadsje en dat kinne se yn Den Haag noait wer fine. En wy moatte wer terpen bouwe.

Nasjonale media en Fryslân. Fryslân is inkeld mar yn byld as it oer trije nachten miskien ien graad frieze sil: dan kinne je it oer de Alvestêdetoch hawwe. Dêr kinne je mei skoare. Skoare dogge je yn it fuotbaljen.

Dêr oer sprutsen: je soene tsjin Hearrenfeantrainer Johnny Jansen sizze moatte dat Hearrenfean yn de earste helte lyk sa spylje moat as yn de twadde, dy is meast folle aardiger. De nasjonale media hawwe al lykwols al lang útfûn dat soks oan de ploegen by hún wei leit. Dy spylje ynienen minder. Net iens inkeld by Feijenoord en PSV, nee ek Vitesse wie ynsakke. Ik haw it net sjoen.

De lanlike media prate of skriuwe net oer Hearrenfean of Emmen, dêr stiet gjin trainer op de sigen. It giet inkeld mar oer popkes. Hearrenfean wûn terjochte fan Vitesse freed, it gie inkeld mar oer Sloetsky. Dy wie útskuodde.

Ik hâld net fan it geseur dat Fryslân der by hearre moat. Wy krûpe der te gau ûnder, en dat fine oaren bêst. Net dwaan. Fansels, yn it begjin fan myn wurk by Omrop Fryslân moast ik de earmtakken noch wolris slypje. Dat is yntusken aardich bykaam. Je eigen paad gean en goed wurk leverje, dan komt it fansels.

Der is no in oprop om in nije stjoerder te meitsjen, foar minsken dy't yn dit lân it hurdste skreauwe en dêrom net heard wurde. Wy Friezen, hawwe al sûnt 1946 in eigen stjoerder. Sjoernalisten fan dy stjoerder hawwe útfûn dat it belied fan minister Eric Derk Wiebes net yn oerienstimming is mei wat opskreaun en tasein is. Sjoernalisten hawwe noed oer de boarringen, om't de ynwenners fan de provinsje der noed oer hawwe. Dan wolle wy in beter andert, as dat wy no krigen.

Oars komme se der mei de folgjende Alvestêdetocht net mear yn."

Trefwurden: 
Kollum De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)