Tal deaden troch fallen yn Fryslân leger as lanlik trochsneed

04 des 2019 - 08:01

It tal minsken dat yn Fryslân om it libben komt troch in fal, leit leger as it lanlik gemiddelde. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. Yn Nederlân binne ferline jier yn trochsneed 27 op de 100.000 minsken ferstoarn nei it fallen, yn Fryslân wiene dat der 21.

Foto: ANP

It tal deaden troch in fal is opnij tanaam, dat is al sa'n tsien jier it gefal. Ien fan de wichtige oarsaken dêrfan is de fergrizing, âldere minsken hawwe mear kâns op in fatale fal. "Ze staan minder sterk op hun benen en hebben broze botten", seit Dick ter Steege fan it CBS. "Maar ook dementie speelt een rol."

Provinsjaal sjoen leit yn Limburch it tal minsken dat om it libben komt troch in fal mei 33 op de 100.000 it heechst, yn Flevolân mei 18 it leechst.

Yn it oersjoch is it tal deaden troch in fal mei in fyts of scootmobyl net meinaam.

(advertinsje)
(advertinsje)