LTO Noord sjocht nei pilotgebieten om delgong fan de boaiem tsjin te gean

Yn in rapport fan de provinsje en Wetterskip Fryslân stiet dat it ferheegjen fan it grûnwetterpeil yn it feangreidegebiet ien fan de meast effektive oplossingen is om de delgong fan de boaiem tsjin te gean. Ek druk- en ûnderwetterdrainaazje kinne helpe. Utgongspunt fan it rapport is dat ek de lânbou in 'duorsum takomstperspektyf' bean wurdt.
Feangreidegebiet © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
"Sy komme in ein yn de rjochting dy't wy út wolle. Neat dwaan is gjin opsje," seit Peet Sterkenburgh fan belange-organisaasje LTO Noord.
"Binnen it bestjoerlik oerlis Feangreide hawwe wy it sit, dy sit wurdt fertsjinwurdige troch al ús lânboupartijen. Ik tink dat wy wol ynfloed hawwe, wy hawwe in soad praktyske en teoretyske kennis," fertelt Peet Sterkenburgh fan LTO Noord.
"It rapport is makke op basis fan ûndersiken, dy't foar in part noch geande binne. De folgjende stap is dat wy yn in pear pilot-gebieten ris oan de slach geane. Wy moatte ris útsykje hoe't it yn de praktyk wurket, sa kinne je it noch bystjoere."

Fierder ûndersyk

Neffens Sterkenburgh is it wichtich om te sjen wat krekt de delgong fan de boaiem is, mar ek hoe't it mei de CO2-beheining sit. "Op basis fan it ûndersyk kinst de ynstrumintekoffer oanpasse. Wageningen hat wol ûndersyk dien nei de CO2-útstjit, mar tapassing yn it noarden jout wol wikseljende útkomsten. Dus dêr moat noch fierder ûndersyk nei dien wurde."
Proeven mei druk- en ûnderwetterdrainaazje jouwe neffens Sterkenburgh in goed resultaat. Mar neffens him is der wol in regeling nedich foar drainaazje, want der moat wol takomst wêze foar de feangreideboeren.

Pilotgebieten

It is wol tiid dat der echt wat bart, jout ek Sterkenburgh ta. Der wurdt al lang sprutsen, no is it tiid foar maatregels. "Dêr moatte je de romte foar jaan, dêrom binne der no de pilotgebieten Aldeboarn-De Deelen en De Hege Warren."
Peet Sterkenburgh fan LTO Noord