PvdA wol dúdlikens oer Nij Ylostins, kolleezje wachtet op amtlik advys

04 des 2019 - 07:14

Ferskate partijen yn de gemeente Súdwest-Fryslân hawwe tiisdeitejûn mei de riedsgearkomste fragen steld oan it kolleezje oer fersoargingshûs Nij Ylostins yn Drylts. FNP, fraksje De Wind en PvdA wolle dúdlikens oer de kwestje dy't yntusken al lang duorret. It kolleezje joech oan noch net in antwurd jaan te kinnen, om't it noch wachtsje moat op in amtlik advys.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Habtamu de Hoop fan de PvdA begrypt dêr lykwols neat fan: "Wêrom moat der in amtner tusken sitte? Knopen trochhakke, dêr giet it om."

"It kolleezje seit: foar ús geane minsken foar stiennen. Sy hawwe krekt it monuminte-advys binnen, dat moatte sy toetse en dêr wol it kolleezje de tiid foar nimme. Wy gunne sy dat, mar it moat ek net te lang duorje," seit De Hoop. "Want it giet om minsken fan 80-90 jier âld dy't al n skoft yn ûnwissens sitte."

Monumintestatus

Foar de PvdA is it wol helder. "Wy hope dat Nij Ylostins bestean bliuwt. It moat gewoan in monumintestatus krije, foar ús is it net sa muoilik. It duorret gewoan gigantysk lang. Earst soe der sloopt komme, mar ferhûzje leveret in soad stress op. Je moatte it net muoiliker meitsje as dat it is," jout De Hoop oan.

Mear druk

De Hoop: "It is apart dat der noch in amtlik advys komme moat. Hûs en Hiem is in eksterne partij, as kolleezje kinne je dochs gewoan sjen nei harren advys? Miskien moatte wy dêr as ried wat mear druk op sette."

Habtamu de Hoop fan de Partij van de Arbeid

(advertinsje)
(advertinsje)