Nije wize fan ynspraak foar boargers yn Súdwest-Fryslân

04 des 2019 - 06:58

Tenei kinne ynwenners fan de gemeente Súdwest-Fryslân op in oare wize ynsprekke. Foarôfgeand oan de kommisje Boarger en Mienskip krije trije boargers in kertier de tiid om yn te sprekken. It inisjatyf foar dizze nije wize komt fan de wurkgroep 'De veranderende rol van de raad,' dy't it ynsprekken leechdrompeliger meitsje moat.

It gemeentehûs fan Súdwest-Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

D66-fraksjefoarsitter Mirjam Bakker is fan de wurkgroep en leit it plan út: "Mensen hadden met de oude manier vijf minuutjes om even hun punt te maken. Dat verzandde vaak in een klein verhaal dat niet goed uit de verf kwam. Wij hadden zoiets van: er moet meer tijd aan worden gegeven, op een informele manier."

Leechdrompelich

Dêrom de nije opset. "We doen het beneden in de foyer, dat maakt de drempel al wat lager. Daar kunnen mensen hun projecten of ideeën voor de gemeente bekend maken. Vanuit de werkgroep hadden we zoiets van: we moeten hier meer podium voor geven. Vanuit de fracties gaat men ook veel bij de mensen langs, nu proberen we de krachten te bundelen."

Trije minsken

Bakker: "Elke keer voor de commissie hebben we een uur, dan kunnen er drie initiatieven aan de beurt komen. Als het er tien zijn moeten we misschien overwegen om een andere opzet te kiezen, maar we houden het hier in eerste instantie bij. Mocht het stormlopen, dan moeten we misschien eens een extra middag uittrekken."

De D66-fraksjefoarsitter is nijsgjirrich hoe't it ferrinne sil. "Ik heb er zin in. Ik ga het eerst uitleggen voor we van start gaan, ik hoop dat we gewoon een mooi gesprek hebben."

Fraksjefoarsitter en wurkgroeplid Mirjam Bakker

(advertinsje)
(advertinsje)