Ferskate ynbraken op De Jouwer yn de Blaauwhof en Westermar

04 des 2019 - 06:34

Op De Jouwer hawwe tusken 29 novimber en 1 desimber ferskate ynbraken west, dat hat de plysje bekendmakke. It giet om trije ynbraken op de Blaauwhofleane yn de wyk Blaauwhof en De Finne yn de wyk Westermar. De plysje siket tsjûgen fan de dieverij en hat omwenners yntusken warskôge.

De Blaauwhofleane op De Jouwer - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Buertbewenners binne op de hichte steld fia in brief, om't der nei in ynbraak in ferhege risiko is op mear ynbraken. De plysje hat in buertûndersyk opstart en wol it graach hearre as minsken fertochte persoanen of auto's sjoen hat yn de ôfrûne perioade.

(advertinsje)
(advertinsje)