Harnzer restaurant 't Havenmantsje by bêste learwurkbedriuwen

03 des 2019 - 22:57

Restaurant 't Havenmantsje yn Harns heart by de trije finalisten fan de nasjonale ferkiezing 'Beste Leerbedrijf Horeca'. Dat betsjut dat learlingen dy't dêr staazjerinne op in goede manier it fak bybrocht krije, neffens de sjuery fan de ferkiezing.

Restaurant 't Havenmantsje yn Harns - Foto: Omrop Fryslân

De sjuery bestiet út fertsjintwurdigers fan ûnder oare Koninklijke Horeca Nederland, it FNV horekafakbûn en de MBO Raad. Njonken 't Havenmantsje binne in restaurant út Maarssen en út Amsterdam nominearre.

De winner wurdt bekend makke op de hoarekafakbeurs Horecava yn Amsterdam, mids jannewaris 2020.

(advertinsje)
(advertinsje)