Nije winskambulânse foar Noard-Nederlân feestlik ûntbleate

03 des 2019 - 22:34

De nije winskambulânse foar Noard-Nederlân is tiisdeitemiddei presintearre yn Tynaarlo yn Drinte. Mei de winskambulânse kinne sike minsken dy't net lang mear te libjen ha en net mear sels oeral komme kinne, dochs noch op 'en paad.

In dei nei de dieretún, even sjen yn de nije wenning fan je dochter, in besite oan de bernsbern of noch ien kear nei It Amelân. It klinkt allegearre miskien net sa bysûnder, mar as je slim siik binne, is it faak net mooglik om dizze dingen te dwaan. De winskambulânse kin dan útkomst biede. De organisaasje dy't it ferfier regelet, wie ta oan in nije wein en dy waard tiisdei feestlik yn gebrûk naam.

Sponsoraksjes

Troch allerhanne sponsoraksjes, lytse en grutte jeften fan skoalbern oant motorklups waard der genôch jild ynsammele foar de nije auto. Ien feriening kaam sels mei in bydrage fan hast 15.000 euro. Tsien jier lyn begûnen de frijwilligers fan de Stichting Wensambulance Noord-Nederland mei in brûkte wein. Yn dy tsien jier hat de organisaasje mear as 600 winsken ferfolle yn Fryslân, Grinslân en Drinte.

Ut Spanje

De nagelnije ambulânse is boud yn Spanje en ynrjochte nei alle spesifike winsken dy't de stichting hie. Sa is bygelyks it komfort fan de brankaar ferhege mei in elektrysk eksimplaar. Dat is nofliker foar de pasjint en ek foar de frijwilligers dy't meihelpe op de ambulânse. De nije wein is noch net hielendal klear. It ynterieur wurdt noch sa makke dat it rêst útstrielet foar de pasjint.

Ferslachjouwer Willem de Vries wie by de ûntbleating fan de nije winskambulânse

Ferslachjouwer Willem de Vries hat ek even yn de nije winskambulânse sjoen

(advertinsje)
(advertinsje)