Yaroslava (14) sil 2000 hantekens tsjin útsetting oanbiede oan Keamerlid Voordewind

03 des 2019 - 21:39

De 14-jierrige Yaroslava Tymts sil mei har freondinnen woansdei in petysje oanbiede oan Twadde Keamerlid Joël Voordewind fan de ChristenUnie. Ien fan de freondinnen fan it famke hat de petysje opstart en yntusken binne der al mear as 2000 hantekens ophelle.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Learlingen fan it kristlik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert binne al sûnt ferline wike yn aksje om te besykjen de útsetting fan Yaroslava en har famylje foar te kommen. Har klassegenoaten wolle net dat se mei har mem, heit, broerke (7) en suske (3) weromstjoerd wurdt nei Oekraïne. It famke wennet no mei har famylje yn it azc yn Sint-Anne, mar komt fan oarsprong fan De Krim.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Twadde Keamerlid Voordewind set him in protte yn foar it 'bernepardon'. Yaroslava wol mei it oanbieden fan de petysje har kwestje ûnder de oandacht fan it Keamerlid bringe. Yaroslava: "Ik hoop dat hij wat voor mij kan betekenen, het is niet makkelijk allemaal."

"We zijn in 2016 naar Nederland gekomen, met mijn ouders en een broertje en zusje. We vrezen om illegaal in Oekraïne terecht te komen. Mijn vader is ziek en wacht al jaren op hulp. Mijn moeder en broertje en zusje blijven sterk, maar met mijn vader gaat het wel slecht," fertelt Yaroslava.

Oar beslút

"Ik hoop dat het goed gaat en ik ben blij dat er best veel leerlingen mee gaan en dat de schoolleiding mij ook steunt," seit Yaroslava. Sy hopet dat Twadde Keamerlid Joël Voordewind fan de ChristenUnie wat foar harren betsjutte kin. "Ik hoop dat hij het samen met andere mensen in de Tweede Kamer er over gaat hebben en toch tot een ander besluit komen. We kunnen echt niet terug naar Oekraïne."

Yaroslava Tymts sjocht út nei de besite oan de Twadde Keamer

(advertinsje)
(advertinsje)