Jildautomaten dy't slute, wat betsjut dat foar de omwenners?

ABN AMRO slút in tal pinautomaten yn Fryslân, as maatregel tsjin plofkreaken. De jildmasinen wurde tichtmakke en leech helle. Nei alle gedachten duorret de sluting fan de automaten wiken oant moannen. De automaat oan de Bleeklaan yn Ljouwert is al net mear iepen. Wat betsjut de sluting foar winkel- en saakeigeners?
Jildautomaten en plofkreaken
De automaat oan de Bleeklaan is no in dei ticht, mar Hans Groenia, dy't in saak hat yn itselde pân, hat al tal fan minsken oer de flier hân. "Iedereen vraagt wat er met de pinautomaat gebeurd is", fersuchtet Groenia. Hy hat al mear as tsien minsken by him binnen hân.
De klanten fan ABN AMRO binne neffens him net goed ynformearre oer de maatregel. Sels stiet er ek net hielendal efter de sluting, om't hy in gruthannel hat, dêr't minsken net pinne kinne. De ABN AMRO siet foar him dus maklik. "Wij zitten al tien jaar in dit pand en we hebben nog nooit een plofkraak gehad. Ik vind de regel dan ook wat overtrokken."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Plofkreak De Lemmer

Oan de oare kant fan de provinsje, op De Lemmer, ha se yn 2017 in plofkreak by de Rabobank hân. De ABN AMRO slút dêr lykwols net de pinautomaten. René van der Waaij wurket neist de automaat oan de Schulpen. Hy hâldt him dwaande mei it nijs oer de plofkreaken. "Je ziet de beelden op tv en dan schrik je soms wel even", fertelt Van Der Waaij. "Maar het moet ook niet gaan overheersen, dus ik maak me niet druk."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Boppe in pinautomaat wenje

De skoanmem fan René, Gusta, wennet al mear as fjirtich jier yn it pân oan de Schulpen. Sy wennet krekt boppe de ABN AMRO. "We ha hjir op De Lemmer alris in plofkreak hân en dat hie wol ynfloed", sa fertelt Gusta. "Mar ik wenje hjir mei sa'n soad wille, dat ik hjir ek net fuortgean. De ABN AMRO mei der fan my ek bliuwe, dat hat net sa'n protte ynfloed op myn libben, hear. Der kin fansels al wat barre, mar dat is altyd sa. Ik tink dat hjir yn elk gefal de kâns lyts is."
Sy tinkt wol dat der op oare manieren befeilige wurde kin, sa as mei ferljochting. "Ast dat dêr hast, dan binne minsken ek minder gau wat fan plan."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Wat betsjut it fuortheljen fan de pinautomaten foar de minsken?