Trije fertochten oanhâlden yn grut plysjeûndersyk nei himptylt

03 des 2019 - 20:38

De plysje hat moandei trije fertochten oanhâlden foar himptylt, dieverij fan stroom en wytwaskjen. De fertochten binne twa manlju fan 54 en 32 jier út Koatstertille en ien Snitser fan 31 jier. Neist de oanhâldingen hat de plysje ek twa wenningen, in boat, in motor, in scooter, banktegoeden en in soad kontant jild yn beslach naam.

De himpkwekerij yn de Harkema - Foto: Omrop Fryslân, Jorrit Meinsma

De oanhâldingen folgje nei ynfallen yn juny fan dit jier. By dy ynfallen waarden ûnder oare pannen yn Ljouwert, de haven fan Terherne en in loads op De Harkema trochsocht. Nei berekkeningen docht bliken dat de fertochten mei de kwekerij yn alle gefallen 700.000 euro fertsjinne ha.

De wenningen fan de fertochten en in hoarekapân oan de Noardkade yn Drachten binne troch de plysje trochsocht op oanfoljend bewiis. Dêr is in kilo drûge himp fûn en apparatuer foar bedriuwsmjittige himptylt. De plysje is noch hieltyd dwaande mei it ûndersyk en meardere oanhâldingen wurde net útsletten.

(advertinsje)
(advertinsje)