Miks fan oplossingen biedt bêste kânsen tsjin boaiemdelgong feangreidegebiet

It feangreidegebiet yn 'e midden fan Fryslân sil wer wieter wurde moatte, sizze Provinsje en Wetterskip Fryslân. It ferheegjen fan it wetterpeil yn it gebiet is ien fan de effektyfste oplossingen om boaiemdelgong en CO2-útstjit tsjin te gean. Mar ek technyske oplossingen lykas drukdrainaazje en ûnderwetterdrainaazje kinne in bydrage leverje.
Feangreidegebiet
Dat stiet yn de maatskiplike kosten-baten-analyze fan de provinsje en it wetterskip oer mooglike maatregels om fierdere boaiemdelgong foar te kommen. Utgongspunt dêrby is dat ek de lânbou in 'duorsum takomstperspektyf' bean wurdt.
Neat dwaan is gjin alternatyf, want dan wurde de problemen yn it gebiet allinnich mar grutter, sizze deputearre Douwe Hoogland en wetterskipsbestjoerder Jan van Weperen. Yn jannewaris wurde de mooglike oplossingen foarlein oan Provinsjale Steaten en it wetterskipsbestjoer.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
De provinsje is fierder dwaande mei in grûnbank foar it feangreidegebiet. Dy moat boeren dy't oergean op in ekstinsivere wize fan wurkjen oan ekstra grûn foar harren bedriuw helpe. Deputearre Steaten en it wetterskipsbestjoer wolle yn it foarste plak de feangreidegebieten De Hege Warren en Aldeboarn De Deelen oanpakke, omdat yn dy pilotgebieten de bêste kânsen lizze soenen om CO2-útstjit te ferminderjen en oare problemen oan te pakken.
Ek op ferskate oare plakken yn Fryslân rinne al eksperiminten. Wichtich doel fan de mienskiplike oanpak fan provinsje en wetterskip is om ek de boeren yn it gebiet perspektyf te jaan op in goed fertsjinmodel mei in heger wetterpeil.
Deputearre Douwe Hoogland