Wurkstraffen foar trije Boalserter jonges dy't foar flinke oerlêst soargen yn har wenplak

De bernerjochter hat trije jonges út Boalsert feroardiele ta wurkstraffen foar in flink oantal strafbere feiten. De jongeren soargen tusken febrewaris en septimber fan dit jier foar oerlêst yn har wenplak.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It giet ûnder oare om joyriding, stellerij, mishanneling en iepenlik geweld. De trije, fan 15, 16 en krekt 18 jier âld, hawwe wurkstraffen fan 30 oant 75 oeren oplein krigen. Twa fan har wurde ek yn it each hâlden troch de reklassearring. Dêrneist geane se de sel yn as se wer yn oertrêding gean.
Kommende freed moat noch in fjirde fertochte, in man fan 18, foarkomme.