UPDATE: Twa ferwûnen by ûngelok mei meardere auto's op A7 by Drachten

By in ûngelok op de A7 by Drachten binne tiisdeitemiddei twa persoanen ferwûne rekke en oerbrocht nei it sikehûs. De rykswei tusken It Hearrenfean en Grins hat fanwegen it ûngelok fan kertier oer fiven ôf oant sân oere ôfsletten west by Drachten. By it ûngelok wiene meardere auto's belutsen.
© De Vries Media
De helptsjinsten kamen manmachtich te plak, om de ferwûnen te behanneljen. It oantal auto's dat by de botsing belutsen west hat, is net bekend. De file wie maksimaal sân kilometer lang op it trajekt fan It Hearrenfean nei Grins ta. Rykswettersteat advissearre automobilisten om te riden fia de A32 en A28 rjochting Zwolle, om yn Grins te kommen.
Op de dyk fan Grins nei It Hearrenfean ta stie ek in oantal kilometers file troch minsken dy't nei it ûngelok seagen. De files binne yntusken wer oplost.