Earste huzen op eardere skoallokaasje Flylân

03 des 2019 - 17:56

Op it plak fan de eardere basisskoalle fan Flylân is begûn mei de bou fan nije hierhuzen. It giet om njoggentjin huzen dy't dêr delset wurde troch wenningkorporaasje WoonFriesland.

WoonFriesland hat de ûnderdielen fan de huzen oan de fêste wâl meitsje litten, dêrnei wurde se op Flylân yn elkoar set. De earste hûzen steane der yntusken. It giet om huzen dy't gasleas binne en sinnepanielen hawwe.

Neist de njoggentjin hierhuzen komme der ek seis keaphuzen. Dy wurde der delset troch de gemeente.

(advertinsje)
(advertinsje)