Achtkarspelen wol langere passearstroken foar trekkers

03 des 2019 - 17:56

De provinsjale dyk by Surhuzum moat langere ynhelbanen krije dêr't trekkers ynhelle wurde kinne. Dat fynt de gemeente Achtkarspelen. Dy sil begjin takom jier mei de provinsje yn oerlis oer de passearstroken.

Foto: Omrop Fryslân

It oerlis is mei it each op in opknapbeurt fan de dyk, dy't deroan stiet te kommen. De besteande stroken wurde amper brûkt troch trekkerriders, omdat se neffens dy trekkersriders te koart wêze soene.

(advertinsje)
(advertinsje)